Algehiele beamfersoarging en ûnderhâld. Ynspeksje beamfeillichhyd. Ûnderhâld fruchtbeammen.

Myn namme is Hessel Johannes Hartmans. (Jiergong 1986) Begjin 2015 haw ik Frysk Beamwurken oprjochte, weryn ik myn passy, fyzje, ûnderfyning, en saakkundighyd mei beammen en de natûr tegearre bring, en fan werút ik, tegearre mei meiwurkers en kollegas, in breed oantal tsjinsten oanbied op it mêd fan beammen.

  • Snoeije, kappe, en roaije fan beammen.
  • Ynspeksje, advys, en rapportage fan beamfeillichhyd.
  • Stobbefreezje, fuortfreezje fan beamwoartels, roaijen fan túnen en beplântingen.
  • Fersnipperje en ôffiere fan tûken.
  • Advys en ûnderhâld fan monumintale beammen.
  • Ûnderhâld en oanplânt fan fruchtbeammen.
  • Groeijplakûndersyk en groeijplakferbettering.
  • Opromjen en ferwurkjen fan stoarmskea.

Frysk Beamwurken is yn haadsaak rjochte op partikulieren en bedriuwen, dernjonken leveret it ek spesjalistyske tsjinsten oan hôfkers en grienfoarsjennede bedriuwen en ek oan de oerheden en ynstellingen.

Nim kontakt op

Priisopjefte of in fraach? Nim kontakt op fia
06 – 19 01 70 61 of info@fryskbeamwurken.frl.

Kies je taal

vlag-frl
vlag-ne

Op deze website worden alleen cookies gebruikt die eraan bijdragen dat jouw bezoek aan deze website zo leuk mogelijk gemaakt wordt. Privacy wordt gerespecteerd.